Mear fraach nei huzen NE-Fryslân, mar de priis giet net mei

06 okt 2016 - 11:27

Yn Noardeast-Fryslân wurde mear huzen ferkocht, mar dochs gean de prizen noch wol hieltyd nei ûnderen ta. Dat giet yn tsjin de lanlike trend dêr't mear huzen ferkocht wurde en tagelyk ek de huzepriis oprint. Dat docht bliken út sifers fan de Nederlandse Vereniging van Makelaars (NVM).

Yn it tredde kwartaal fan 2016 binne yn Noardeast-Fryslân 12 persint mear huzen ferkocht yn fergelyk mei 2015. De wennings bringe lykwols 2,1 persint minder op. Yn it tredde kwartaal stiene yn hiel Fryslân goed 5162 hûzen te keap, 1200 minder as yn 2015.

Tredde kwartaal 2016

Mei elkoar binne der yn it tredde kwartaal fan 2016 hast 1500 wenten ferkocht. De trochsneedpriis fan in hûs yn Fryslân is goed 193.000 euro. Lanlik sjoen binne der 15 persint mear huzen ferkocht en bringe huzen 1,3 persint mear op.

Huzeferkeap fersus priisgroei Fryslân 

De NVM-Fryslân hat ek regionale ferskillen yn Fryslân ûndersocht. Yn alle regio's binne mear huzen ferkocht yn it tredde kwartaal fan 2016 yn ferlyk mei it tredde kwartaal fan in jier lyn. Dochs leveret in hûs yn trije regio's minder op as in jier lyn. 

Regio Groei huzeferkeap (%)  Groei huzepriis (%)
Midden-Fryslân + 4 - 1,8 
Súd-Fryslân + 7 - 1,0
Noardeast-Fryslân + 12 - 2,1
Súdwest-Fryslân + 15  + 6,5 
Noardwest-Fryslân + 19  + 4,0
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)