Selsridende bussen yn Appelskea ride wer

06 okt 2016 - 11:15
  • It selsridende buske

De selsridende bussen ride sûnt tongersdei wer yn Appelskea. Der koe al in pear wiken gjin gebrûk makke wurde fan de twa buskes omdat der gefaarlike situaasje ûntstienen mei it fytsend ferkear. De buskes ride op it fytspaad tusken de Boerestreek en it besikerssintrum Drents-Friese Wold.

Der wurde no gasthearen ynset dy't by it begjin- en einpunt de saak yn de gaten hâlde en de ferkearsbuorden ûnderweis binne oanpast. Oant 1 novimber kin der no in ritsje makke wurde mei dizze unike buskes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)