Trije moannen sel foar Klaas Haijtema

Klaas Haijtema út Wûns moat yn Myanmar trije moanne de sel yn. Dat hat de rjochter yn it lân niiskrekt bekend makke, sa seit syn advokaat tsjin Omrop Fryslân. Haijtema siet fêst om't er twa wike lyn in stekker út in fersterker luts by in boeddhistyske fiering. Hy wist net dat it in religieuze gearkomste wie.
Haijtema oerwaget yn heger berop te gean. Hy sil mei syn advokaat oerlizze oft dat doel hat.
De advokaat sei woansdei te hoopjen op frijspraak. Haijtema soe net de yntinsje hân ha om de boeddhisten te misledigjen of besit te fernielen.