Boalsert stiet yn it teken fan Bolletongersdei

06 okt 2016 - 08:40

It is wer Bolletongersdei yn Boalsert. Neist de jierlikse bradery en merke, is der ek in 'beleefplein' dêr't boargers mei boeren en harren wurk yn kontakt komme kinne. Op it plein binne demonstraasjes fan boeren en der wurdt in wedstriid yn it keunstko melken hâlden.

Op it plein stiet ek in diskusjekafee, dêr't boeren mei boargers yn petear gean kinne oer de melkfeehâlderij. Neffens tradysje is der fee op 'e merk, mar dit jier binne der minder bollen as eartiids. Dit komt troch swierrichheden mei regels en it ferfier fan de bisten.

Trefwurden: 
Bolletongersdei Boalsert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)