Kollum: ''De Gysbert Japicx priis en twa ferdronken bern''

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
''Twa drege ûnderwerpen. It earste: Snein ha wy nei in bysûndere foarstelling west. Allinnich om de lokaasje wie it al in pracht, want paviljoen De Leyen by de Rottefalle is sa moai situearre mei it útsjoch op de mar, dat sels sûnder de foarstelling it al moai west hie en gean dêr even sitten. Mar wy kamen foar it stik Foar dy, nei dy. Spile troch Popke van der Zee en Froukje Reitsema. It stik hat in frijwat swiere tematyk, beide spilers ha nammentlik in bern ferlern. En dat is net spile, mar echt wier bard.
Se moasten dêr foar harren gefoel wat mei en Bouke Oldenhof hat der in tekst foar skreaun. Dy wie moai yn elkoar setten. Om bar fertelden Popke en Froukje harren ferhaal, soms fertelde de iene it ferhaal fan de oare. Der wienen moaie bypassende gedichtfragminten fan Douwe Tamminga, dy’t meastentiids steande op in keukenstoel deklamearre waarden. Dat fûn ik in moaie fynst om it ferskil yn lagen oan te jaan. Nea waard it flau, sentiminteel of over the top. It wie eins in ferslach fan wat it mei harren dien hat, it ferlies fan in soan fan 26 en de oare wie noch mar hast trije. De oerienkomst tusken beide bern is dat se beide ferdronken binne.
De ferskillen yn der mei omgean waarden goed dúdlik makke. De iene, Froukje, mear frustrearre en lilk, de oare, Popke, mear berêstend. Trochdat it yn de boppeseal wie, koenen der mar in pear taskôgers yn de seal, dat makke dat it hiel yntym wie. Lokkich ha ik it (noch) nea meimakke en hooplik bliuwt dat ek sa. Mar as je dan om je hinne sjogge, freegje je jesels wol ôf, hoefolle fan de oanwêzigen soenen dat paadsje al del west ha. Nei de tiid wie der in drankje en in hapke om de minsken de gelegenheid te jaan om even nei te praten. Ut it feit dat hast nimmen fuort gie, die wol bliken dat dizze foarstelling wol stof ta neipraten joech.
Ik trof der noch in kollega skriuwer. En wat foar ien. Doe’t ik mei myn debútroman Guozzeflecht yn 2010 deasenuweftich yn de Moanne fan it Fryske boek in pear kear fuort mocht, hat sy my by de hân naam en tsjin my sein: ‘Do kinst it wol. Gewoan fertelle en ast it net mear witst, sjochst my mar oan, dan lul ik der wol in kont oan.’ Dat ik wie bliid om Riek Landman even te treffen, dêr yn de Rottefalle. Se is in generaasjegenoat fan Hylke Speerstra, Hylke is dit jier tachtich wurden, Riek is 82 en ek noch aardich hecht.
En dan komme wy by it twadde drege ûnderwerp, want it praat gie al gau oer de boeken fansels. En oer takennen fan prizen. Op in gegeven momint sei Riek: ‘Witst, der hat noch nea in frou de Gysbert wûn foar in boek.’ Dêr moast ik even it antwurd op skuldich bliuwe. Der skimere my wat fan Tiny Mulder. Mar thús ha ik it neisjoen en Riek hat gelyk. Mulder hat him foar har hiele oeuvre krigen. Mar nimmen foar in boek.
Aardich feitsje: yn myn bertejier 1969 is de Gysbert net takend. Deputearre Steaten woenen it nominearre Operaasje Fers de priis net ta ha. Mar dêr ha we it no net oer, der hat yn de Fryske skiednis nea in boek west, skreaun troch in frou, dat yn de eagen fan de sjuery goed genôch wie om de Gysbert te winnen. Dat seit wat oer it belang fan dy literêre prizen. Ik sil gjin foarbylden neame, want de Fryske skriuwerij stiet bekend om de lange teannen dêr’t de achte kollega skriuwers harren mei genoegen op traapje litte sadat se de oare oant yn lingte fan dagen swart meitsje kinne, dus sil ik der mar gjin nammen der oan smoarch meitsje.
Wat ik wol sizze wol, is dat de lêzers yn it generaal straal oan de Gysbert winners foarby geane. Want Riek, Auck Peanstra, Hylkje Goinga, Froukje Annema en op dit stuit Hilda Talsma binne by de minsken dy’t Frysk lêze gâns populêrder dan de gemiddelde Gysbert winners. Dus Riek, de kwaliteit sit net yn it winnen fan de Gysbert, mar yn wat de lêzers fan dy fine. Dat sit by dy wol goed.''