FNV net tefreden oer ûndersyk nei misstannen Sintrale As

06 okt 2016 - 07:44

Fakbûn FNV is net te sprekken oer de wize wêrop de provinsje mooglike misstannen by de oanlis fan de Sintrale As oanpakt hat. Neffens it bûn nimt it kolleezje fan Deputearre Steaten har ferantwurdlikheid net. Wurknimmers wurde neffens de FNV ûnderbetelle en der soe sprake wêze fan skynkonstruksjes. De provinsje hat wol ûndersyk dien, mar deryn is de FNV net heard.

Yn it ûndersyk ûnderskriuwt de provinsje de miening fan de haadoannimmer dat der neat oan de hân is, sa seit it fakbûn. Ynhâldlik soene de útkomsten fan it ûndersyk net weromkeppele wêze. Freedtejûn is de offisjele iepening fan de Sintrale As.

Trefwurden: 
FNV Sintrale As misstannen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)