Bromfytser ûnder ynfloed, rydbewiis ynnommen

06 okt 2016 - 07:35

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitenacht it rydbewiis fan in 30-jierrige bromfytser ynnommen. De man waard by de Populierestrjitte yn 'e stêd oanhâlden. Nei in blaastest die bliken dat de Ljouwerter tefolle dronken hie.

De plysjes hawwe de man meinommen nei it buro, dêr krige er in rydferbod foar sân oeren oplein. Ek syn rydbewiis waard ynfoardere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)