Boukontener folslein útbrând yn Snits

06 okt 2016 - 06:23

In boukontener dy't oan de Hein Doekesstrjitte yn Snits stie, is woansdeitenacht folslein útbrând. De kontener stie foar in flat. In tal bewenners is troch de helptsjinsten út foarsoarch út de wenning helle.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De flat en in tal ruten ha flinke skea oprûn. Yn de kontener siet húsried. Hoe't de brân ûntstien is, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)