Antea Group: "It ûndersyk nei keunstgersfjilden is goed"

© Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
By Antea Group op It Hearrenfean binne se bliid mei de útstjoering fan Zembla fan woansdeitejûn oer de mooglike risiko's fan keunstgersfjilden. De fjilden binne mooglik kankerferwekkend troch de rubber kerrels dy't deryn ferwurke binne, sa wurdt yn Zembla sein. Antea Group leit sportparken oan, wêrûnder jierliks 40 keunstgersfjilden. Neffens it bedriuw is it goed dat der ûndersyk dien wurdt nei de gefolgen fan de fjilden op de sûnens. Se meitsje har lykwols noch gjin soargen oer it wolwêzen fan har meiwurkers dy't mei it keunstgers wurkje.
Wol hâldt Antea Group de rjochtlinen fan it RIVM skerp yn de gaten. It RIVM seit dat de keunstgersfjilden gjin bedriging foarmje foar de sûnens. As de rjochtlinen fan it RIVM feroarje, dan sil it bedriuw har wurkwize ek oanpasse.