"It is fiif foar tolven foar de boaiem yn Nederlân"

05 okt 2016 - 22:08
  • De alve dielnimmende partijen út it bedriuwslibben, oerheid en ûnderwiis

It is fiif foar tolven foar it boaiemlibben yn Nederlân. Dêrfoar warskôget ûndersiker Gerard Korthals fan it Nederlânske ynstitút foar ekology. Hy wie ien fan de sprekkers by de lansearring fan it Kennisconsortium Bodem yn Easterwâlde. Op it Ecommunitypark dêr komt in kennissintrum. It bedriuwslibben en it middelber en heger ûnderwiis wurkje dêr gear en dogge ûndersyk. De kennis dy't opdien wurdt kin fuort yn de praktyk tapast wurde. En dat is ek needsaak sa seit Gerard Korthals. Hy krijt in soad fragen fan boeren oer de grûn.

Benammen hoe't se dy goed fruchtber en bewurkber hâlde kinne. Troch de swiere lânboufoertugen dy't brûkt wurde wurdt de grûn yninoar parse en is der sprake fan fertichting. It wetter kin dan kwalik fuortsakje. Ek nimt it boaiemlibben ôf en rekket de grûn op guon plakken útput. Neffens Korthals jout dat mei de klimaatferoaring fan no problemen yn de takomst.

Wichtich foar boeren

Lektor Duorsem Boaiembehear Emiel Elferink fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein tinkt dat it kennissintrum in wichtige stap is om de boaiem wer sûn te krijen. Boeren kinne dêr ek ekonomysk fan profitearje, sa seit Elferink. De kwaliteit fan griente wurdt better en dat is ek goed foar de konsumint.

Undersiker Gerard Korthals: "Het is niet moeilijk de diversiteit terug te krijgen. Wij kunnen boeren goed adviseren". Neffens Korthals sitte boeren no faak yn in fisieuze sirkel. Se moatte wol mei swier materieel it lân op omt se oars de gewaaksen der net ôf krije kinne. Der moat dong útriden wurde om te soargjen foar goeie grûn. Mar troch saken krekt oars oan te pakken kinne de boeren sa dochs út dy sirkel wei, seit Korthals. "Door bijvoorbeeld de bandenspanning te verminderen. De druk op de grond neemt dan af. Of door de restjes stro uit te strooien over het land. Dat is erg goed voor het bodemleven".

Wichtich foar Easterwâlde

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf hat hege ferwachtingen fan it kennissintrum. "It hellet jonge minsken nei Easterwâlde ta en ek fernijing. Nije ideeën oer hoe bygelyks de lânbou better kin. Dat jout in nije dynamiek". Neffens Oosterman kinne ek oare sektoaren lykas de rekreaasje en toerismesektor dêrfan profitearje.

Gerard Korthals hopet dat it oer fiif jier gewoan is dat de nije ideeën út de wittenskip fia it kennissintrum yn Easterwâlde oernaam wurde yn de praktyk. Dat is neffens Korthals de wichtichste doelstelling nei de takomst ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)