Riedsleden hieltyd faker slachtoffer fan yntimidaasje

05 okt 2016 - 21:49

Riedsleden wurde hieltyd faker slachtoffer fan bedrigingen, yntimidaasje en ferbale agresje. Dêrom moat dêr mear omtinken foar komme en moatte riedsleden flugger ynsidinten melde. Ien en oar is woansdei bepraat op in gearkomste oer dit ûnderwerp yn Ljouwert. Yn it stedhûs kamen 30 politisy byinoar om it probleem besprekber te meitsjen.

Taname

Wat opfalt is dat troch de diskusjes oer de komst fan asylsikerssintra riedsleden hieltyd faker ûnder druk kamen te stean en somtiden bedrige waarden. Der binne sels lokale politisy opstapt troch yntimidaasje, en dat mei neffens Marga Waanders fan Dongeradiel nea barre. Waanders is ambassadeur feilichheid yn it saneamde politike domein. Sy fynt dat riedsleden yn alle frijheid harren wurk dwaan moatte kinne. Kin dat net, dan soene se oanjefte dwaan moatte of yn alle gefallen de boargemaster op de hichte bringe moatte fan wat der oan de hân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)