Pizzakoerier ferwûne rekke by ûngelok

05 okt 2016 - 21:11

In pizzakoerier is woansdeitejûn op It Hearrenfean ferwûne rekke nei in oanriding mei in auto. De auto soe op Oude Veenscheiding ôfslaan en seach dêrby de koerier op de scooter mooglik oer de holle. De koerier is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De minsken dy't yn de auto sieten kamen mei de skrik frij. De plysje docht ûndersyk nei de oanriding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)