"Gau dúdlikheid oer tal bern dat net nei skoalle giet"

05 okt 2016 - 20:51

De Ljouwerter fraksje fan de PvdA fynt dat thússittende bern yn de gemeente sa gau mooglik nei skoalle moatte. De fraksje wol witte hoefolle bern yn de gemeente net nei skoalle gean. Ek wol de PvdA witte wat de gemeente hjiroan docht en hokker ôfspraken makke binne mei de skoalbestjoeren om dit oantal omleech te krijen. Lanlik folgje 10-tûzen bern gjin ûnderwiis.

"Net akseptabel"

De eardere Kinderombudsman Marc Dullaert sei tiisdei yn de Volkskrante dat thússitte 'volstrekt onnodig' is. Skoallen en gemeenten dogge neffens him net genôch muoite om in passend ûnderwiisplak te finen. "Volstrekt onacceptabel", seit it Ljouwerter Pvda-riedslid Bauke Aalbers. "Ieder kind heeft het recht op onderwijs. Scholen moeten hun verantwoordelijkheid nemen."

Neffens Aalbers moat der gau dúdlikheid komme oer hoefolle bern yn Ljouwert net nei skoalle gean, sadat se ek sa gau mooglik holpen wurde kinne. "Onderwijs is de basis. Het leidt naar werk en dus mogelijkheden om je verder te ontwikkelen. Mensen zonder scholing staan vaker langs de kant en hebben vaker een slechtere gezondheid, zo blijkt uit alle onderzoeken. Daarom willen wij dat alle Leeuwarder kinderen een goede start kunnen maken", beslút Aalbers.

Trefwurden: 
PvdA ûnderwiis basisskoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)