Platte oester mooglik werom yn de Waadsee

05 okt 2016 - 20:35

De platte oester komt mooglik werom yn de Waadsee. Der is grien ljocht jûn foar in heryntroduksje fan it skulpdier. De ekologyske omstannichheden binne goed genôch foar oesters om te oerlibjen, tinkt de organisaasje Naar een Rijke Waddenzee.

De organisaasje hat in mooglikheidssûndersyk útfiere litten nei de kânsen fan heryntroduksje. Alle saakkundigen binne posityf. Se binne al oan it besjen wat in gaadlike lokaasje wêze kin om de oester te heryntrodusearjen.

De platte oester kaam eartiids gewoan foar yn de Waadsee. Mar it bist is yn de rin fan de tiid ferdwûn. In weromkear fan de platte oester kin soargje foar in sterke fergrutting fan de biodiversiteit yn de Waadsee.

Trefwurden: 
platte oester Waadsee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)