FIDEO: Kristlik basisûnderwiis Ljouwert bestiet 150 jier

05 okt 2016 - 20:24

It kristlik basisûnderwiis yn Ljouwert bestiet 150 jier. Kristlike skoalferiening PCBO hat dêrom woansdei in feestdei organisearre. De dei sette útein mei in teater-foarstelling yn it WTC EXPO yn Ljouwert. Alle trijetûzen skoalbern fan de 18 kristlike skoallen yn de stêd en de direkte omjouwing wiene dêrfoar útnûge. Middeis wie der noch in gearkomste yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert mei taspraken fan teologe Jacobien Geel, Twadde Keamerlid Michel Rog en Ljouwerter wethâlder Thea Koster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)