Top en Twel nei de Ried fan Steat oer gaswinning

05 okt 2016 - 19:34

Doarpsbelang Top en Twel sil beswier meitsje by de Ried fan Steat tsjin de gaswinningsplannen fan Vermilion. De plannen foar gasboarringen yn it gebiet by Toppenhuzen lizze al klear. Belutsenen hawwe seis wiken de tiid om de plannen te besjen, mar der is no al besletten om nei de Ried fan Steat te stappen om de plannen tsjin te hâlden. In jurist is op it stuit dwaande om it beswier op papier te setten.

Nulmjitting

Doarpsbelang is wiis mei de oerienkomst dy't Vermilion, Wetterskip Fryslân en de provinsje  sluten hawwe. Dat seit Tsjerk Bouwhuis, foarsitter fan  doarpsbelang. Yn de oerienkomst stiet dat Vermillion tenei in nulmjitting dwaan moat en dat in ûnôfhinklike kommisje útspraak docht oer eventuele skea troch boaiemdelgong as gefolch fan gaswinning. "Wy binne hjir bliid mei. It hat lang duorre!", seit Bouwhuis.

Hoewol't er tefreden is mei de oerienkomst, hat Bouwhuis noch wol fraachtekens by de ûnôfhinklike kommisje dy't de skea beoardiele sil. "Ik freegje my ôf hoe ticht oft dizze kommisje by de minsken stiet", seit Bouwhuis. "Wy hawwe der noch gjin 100% fertrouwen yn."

Vermilion is fan doel om yn 2017 útein te setten foar de gasboarrings by Toppenhuzen en Twellingea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)