UPDATE: A31 ôfsluten foar spoedreparaasje

05 okt 2016 - 21:10

De A31 tusken Dronryp en Marsum is woansdeitejûn ôfsluten foar in spoedreparaasje oan de fangrail. In auto rekke oan de ein fan de middei fan de wei en knalde tsjin de middenfangrail oan, dy't dêrtroch swier skansearre rekke. Plysje en Rykswettersteat hawwe dêrop de linkerrydbaan ôfsluten foar ferkear om help te ferlienen. De bestjoerder fan de auto moast mei in ambulânse nei it sikehûs ta.

In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept. De dyk waard dêrnei folslein ôfsletten foar ferkear om de fangrail te reparearjen. De wurksumheden duorje nei ferwachting oant 23:00 oere. Dêrnei is de dyk wer iepen foar ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)