Skilderbuskes mei-inoar yn botsing

05 okt 2016 - 18:06

In tal buskes mei dêryn skilders is woansdei belutsen rekke by in kopsturt-botsing op de N354 by Raerd. By it ûngelok is nimmen ferwûne rekke. De skea oan de buskes is lykwols grut. De buskes koene troch de helptsjinsten nei de parallelwei rôle wurde. It ferkear hie net in soad lêst fan it ûngelok. It is noch net bekend wat de oarsaak fan it ûngelok wie.

Trefwurden: 
botsing ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)