Drachtster Kompenije krijt seis sosjale hierwennings

05 okt 2016 - 17:40
  • De hûzen yn De Kompenije moatte noch boud wurde, mar binne al ferhierd

Oan de Wiksel yn Drachster Kompenije begjint tiisdei de bou fan seis sosjale hierwennings. Ut it doarp wei is lang om de hûzen frege, foaral foar starters en âlderen út Drachtster Kompenije sels. Oant 2012 waarden der yn de doarpen om Drachten hinne hast gjin hûzen boud.

Doel is no dat der seis ekologyske hierwennings komme, makke fan miljeufreonlik boumateriaal, oan de súdkant fan it doarp. De wennings wurde yn eigen behear ferhierd en ûnderhâlden. De provinsje hat meiholpen by de finansiering.

De hûzen binne al ferhierd, foar't de bou überhaupt úteinset is. Yn jannewaris 2017 soene se klear wêze moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)