Noch gjin oanhâldingen nei ynslûping by 99-jierrige frou

05 okt 2016 - 17:32

De plysje hat noch gjin oanhâldingen dien yn de saak fan de ynslûping by in 99-jierrige frou yn Ternaard tiisdeitejûn. Dat barde yn it fersoargingshûs oan de Nesserwei. De âlde frou waard oansprutsen troch in man en tagelyk kamen der noch in oare man en in frou har keamer yn. De frou drukte doe op de needknop fan it fersoargingshûs wêrnei't de twa manlju en de frou útnaaiden.

De plysje hat hjirnei in wiidweidige sykaksje opset. Dêrby waard ek in helikopter ynset. De plysjes hawwe noch achter in auto oansitten dy't foldie oan it sinjalemint, mar dy rekke út it sicht. Letter waard de auto yn Stiens ferlitten oantroffen.

De plysje hopet no dat mooglike tsjûgen har noch melde. De âldste ynslûper wie ûngefear 40 jier âld, der wie in man by fan 20 jier en in frou fan sawat 20. Allegearre hiene se swart hier.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)