NVWA tikket Sineeske restaurants yn Fryslân op 'e fingers

Iten © ANP
Twa Sineeske restaurants yn Fryslân stean op in NVWA-list fan gelegenheden dêr't de hygiëne net goed is. De list is publisearre troch RTL Nieuws. De stjoerder kaam al earder mei in list fan 172 restaurants dy't neffens de NVWA it net sa nau nimme mei de regels. By dy list komme no noch 17 ytgelegenheden. It giet yn Fryslân om Kota Radja yn Wolvegea, en Jasmine Garden yn Snits. RTL wiist der wol op dat it sifers fan ferline jier giet, en dat de sitewaasje yntusken ferbettere wêze kin.