Rabobank set de ferhúsdoazen klear

05 okt 2016 - 17:18

Rabobank-personiel fan Drachten, Snits, It Hearrenfean en Dokkum makket him op foar in grutte ferhuzing nei Ljouwert. De meiwurkers fan de callcenters yn dizze bûtenkantoaren komme te wurkjen op de haadlokaasje yn de Fryske haadstêd. It giet om mear as 100 minsken dy't klanten op it saneamde klanteservice-sintrum telefoanysk helpe sille. By de klanteservice yn Ljouwert wurkje daliks dik 150 meiwurkers.

De ferhuzing dy't yn novimber begjint, past yn de reorganisaasje fan de Rabobank. Lykas by oare banken nimt de wurkgelegenheid ôf. Klanten dogge hieltyd mear saken mei de kompjûter of de smartphone. By de Fryske Rabobank wurkje op dit stuit noch 1200 minsken. Dat hawwe der mear as 2000 west.

Trefwurden: 
Rabobank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)