FIDEO: Michiel libbet sûnder guod

05 okt 2016 - 17:15
  • Michiel de Koning is minimalist

Kinsto libje sûnder guod? Michiel de Koning út Ljouwert giet it eksperiment oan yn de nijste ôflevering fan ús online searje Lûk. Nei in turbulint muzyklibben smiet syn libben om en syn guod fuort. Hy is no in minimalist, immen dy’t allinnich libbet mei it meast needsaaklike. Wy folgen him in healjier op syn syktocht nei lok sûnder guod.

Lûk krûpt ûnder de hûd fan minsken dy't oars binne. Do wurdst meinommen yn de rauwe wrâld dy't it gewoane foarby giet. Yn Lûk sjochst ferhalen dy’tst oars net hearre soest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)