FIDEO: Tûzen ferkearsbuorden fuort yn Ljouwert

De gemeente Ljouwert hellet de kommende tiid 1000 ferkearsbuorden fuort. It giet dan om gewoane ferkearsbuorden, dy't der altyd stean. It giet om sa'n 10 prosint fan it totaal oantal buorden yn de gemeente. Troch it fuortheljen fan de buorden wurdt de ferkearssitewaasje feiliger. Ek wurdt it strjitbyld minder rommelich troch it opromjen fan de buorden. It is ek nochris in besuniging. It ûnderhâld fan de buorden kostet sa'n 15 euro it sit yn it jier. In besparring dus fan sa'n 15 tûzen Euro.