Omrop Fryslân bringt Europeesk Parlemint nei Fryslân

Fier fan Fryslân makket it Europeesk Parlemint yn Brussel en Straatsburg besluten dy't ek grutte effekten op ús provinsje hawwe. Ferslachjouwer en Europaspesjalist Onno Falkena sil dêrom tenei alle moannen foar Omrop Fryslân nei it Europeesk Parlemint ôfreizigje om dêr de diskusjes te folgjen dy't foar Fryslân fan grut belang binne. Dizze wike praat hy mei de Fryske VVD-Europarlemintariër Jan Huitema en de Flaamske Bart Staes fan De Groenen oer de 'aanlandingsplicht' foar de fiskerij yn de Noardsee.
Wat hâldt de 'aanlandingsplicht' foar de fiskerij krekt yn?
"Yn 2013 hat it Europeesk Parlemint in wet oannaam dêr't yn stiet dat Noardseefiskers fan 2016 ôf alles wat se fange oan lân bringe moatte en neat werom yn see smite meie. Dat hâldt yn dat sy ek de byfangst, dus lytse fiskjes dy't noch fierder groeie kinne, net werom smite meie yn it wetter. Alle fisk wurdt dus dea oan lân brocht, ek de byfangst. Yn 2019 moat de fiskerij dit folslein ymplemintearre hawwe. Nederlânske fiskers, ek yn Fryslân, hawwe fan it simmer hurd aksje fierd om't sy it net iens binne mei dizze wet. Sy wolle de byfangst werom smiten kinne."
Wat fine de Europarlemintariërs hjirfan?
"De Fryske Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea fynt dat dizze Europeeske regels trochsjitte. Fiskers ferbiede om lytse fiskjes werom te smiten giet yn tsjin de tradysje én tsjin de miljeubelangen, fynt Huitema. De Flaamske Europarlemintariër Bart Staes fan De Groenen is fan miening dat de fiskers wol hiel gau krimmenearje. Se wisten dat de regel der oan siet te kommen en dogge der better oan om de byfangst safolle mooglik te beheinen, seit hy. De manlju fine beide dat de nije regel evaluearre wurde moatte. Wat Huitema oanbelanget bart dat sa gau mooglik. Staes is minder hastich. Hy wol ek graach witte wat it effekt fan de maatregel op de fiskstân is."
Wêrom moatte Friezen witte wat it Europeesk Parlemint bepraat?
"De Europeeske Uny hat in soad macht en dy lûkt ek hieltyd mear macht nei har ta. Likernôch 80 prosint fan de Nederlânske wetjouwing is ôfhinklik fan wat der yn it Europeesk Parlemint besletten wurdt, lykas regels foar ús lânbou of fiskerij. Sa hat de EU ôfspraken makke oer stipepakketten foar boeren nei it ôfskaffen fan de superheffing. Dêrom is it belangryk om te witten wat hjir bepraat wurdt, want it hat direkte gefolgen foar de Fryske ekonomy. Boppedat sit Europa op dit stuit op ferskate fronten yn krisis. We hawwe de eurokrisis, de flechtlingekrisis en sûnt koart ek de Brexit. De Europeeske Uny stiet sels dus ek behoarlik ûnder druk. Goed om dus om op de hichte te bliuwen."
Hoe sit it op dit stuit eins mei de Fryske lobby yn Europa?
"In soad minsken tinke dat agrariër Jan Huitema fan Makkingea de iennichste Fryske Europarlemintariër is, mar dat is net sa. PVV-er Auke Zijlstra sit sûnt foarich jier ek yn it Europeesk Parlemint. Fierder hat Gerben-Jan Gerbrandy fan de D66 nea yn Fryslân wenne, mar neist in hiele Fryske namme ek nochris Fryske âlden. Gerbrandy ferstiet ek Frysk. De Fryske fertsjintwurdiging is dêrmei in stik better as yn de foarige perioade, want doe siet der net ien Fries yn it Europeesk Parlemint."
Wat fassinearret dy sels no oan de Europeeske Uny?
"Der bart fan alles yn it Europeesk Parlemint. It is in hiel ynternasjonaal en meartalich selskip hjir. Sels sil ik my benammen rjochtsje op saken dy't mei lânbou te krijen hawwe. Fierder haw ik sels in grutte leafde foar talen. Yn it Europeesk Parlemint is in spesjale intergroep 'Minderheden'. Europarlemintariër Jan Huitema sit dêr ek yn. Yn dy kommisje dêr't goed 60 minsken yn sitte, wurdt praat oer it belang fan minderheidstalen yn Europa, lyk as it Frysk en oer meartaligens. Dizze wurkgroep wol dat der in better taalbelied komt, sadat it Frysk en ek oare talen in bettere posysje krije. Dat ûnderwerp sil ik ek folgje."