Vermilion docht tenei earst nulmjiting foar't gas wûn wurdt

Yn Top en Twel waard koartlyn noch aksjefierd tsjin gaswinning © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Gaswinbedriuw Vermilion sil tenei op alle plakken earst in nulmjitting dwaan by diken en gebouwen, foardat der yn Fryslân gas wûn wurdt. Dat hat it bedriuw woansdei tasein by de offisjele start fan de kommisje grûndelgong ierdgaswinning Fryslân.
Vermilion hat dêroer in oerienkomst tekene mei de provinsje en it wetterskip. De kommisje moat tenei in ûnôfhinklik oardiel jaan, at eigeners skuorren fine yn hûzen of oare gebouwen en dêrby tinke dat it troch de gaswinning komt. It advys fan de kommisje is binend foar Vermilion.
Advyskommisje
Vermilion hie earder al tasein dat der tenei altyd in nulmjitting dien wurdt, mar hie dêr oan ferbûn dat der in ûnôfhinklike advyskommisje komme soe. De kommisje moat ek advys jaan oer hoefier oft sa'n nulmjitting gean moat.
Skea
Oan de hân fan de nulmjittings kin de advyskommisje better neigean oft der echt skea is of net. Underoaren yn Toppenhuzen, dêr't Vermilion gas winne wol, wurdt al lang om in nulmjitting frege. Op in ynformaasjejûn desimber ferline jier hie Vermilion al sa'n mjitting tasein, mei as betingst dat der in ûnhôfhinklike kommisje grûndelgong komme soe.