Keunst fan Youp van't Hek en Hans Wiegel oer Jopie Huisman

05 okt 2016 - 15:16

Yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum begjint takom wike freed in útstalling om stil te stean by it 30-jierrich bestean fan it museum. Tritich minsken litte dan sjen of hearre wat har oantinkens binne oan de skilder Jopie Huisman. Ek kabaretier Youp van't Hek docht dêroan mei. Syn bydrage bestiet út in grutte letter 'K'. Dêrmei giet hy yn tsjin de delbûgende hâlding dy't der út en troch is yn de keunstwrâld, as it giet oer it wurk fan Jopie Huisman. Van 't Hek neamt de wurken fan Huisman: "kunst met een vetgedrukte K, die ontroert".

Oare bydragen komme fan Foppe de Haan, keamerlid Lutz Jacobi, Freek de Jonge en Hans Wiegel. It Jopie Huismanmuseum luts yn de earste jierren fan syn bestean mear as 100.000 besikers yn it jier. No binne dat der noch sa'n 40.000. De útstalling oer 30 jier Jopie Huisman museum giet troch oant april takom jier troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)