Nije Jumbo op It Hearrenfean giet yn novimber iepen

05 okt 2016 - 14:30

Nei in bouperioade fan acht moannen kin de nije supermerk fan Jumbo oan it Molenplein op It Hearrenfean takom moanne de doarren iepenje. De âlde winkel is yn febrewaris tichtgien. It gebou is sloopt en der is nijbou foar werom kaam. Yn it nije gebou komt neist de Jumbo ek de Aldi, dy't no noch mei in tydlike winkel op it terrein fan Sportstêd sit.

Tagelyk hat de gemeente it Molenplein foar de winkels oanpakt. Der is mear parkearromte kaam, mei troch in rige wenten oan de Van Dekemaleane te slopen. Eardere plannen giene út fan in parkeargaraazje, mar dat wie te djoer en waard skrast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)