Súdwest-Fryslân bringt beammen yn kaart

05 okt 2016 - 14:10

De gemeente Súdwest-Fryslân hat sûnt dizze wike in digitale beammekaart. Op dizze kaart kinne ynwenners sjen hokker beammen by har yn de buert kapt wurde, en oft der nije beammen foar yn it plak komme. Súdwest-Fryslân hat hast fyftichtûzen beammen, dy wurde elts jier kontrolearre.

De beammen dy't net mear goed binne, wurde yn it winterseizoen kapt. ''Mei dizze kaart is fuort dúdlik foar ynwenners hokker beammen kapt wurde en foaral ek wêrom," sa seit wethâlder Durk Stoker.

some text

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)