Ljouwerter mei grut kapmes fan strjitte helle

05 okt 2016 - 14:04

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitemoarn in 51-jierrige Ljouwerter oanhâlden, dy't yn de buert fan it Potmargepark mei in grut kapmes oer strjitte rûn. Tsjûgen warskôgen de plysje en dy seach de man op de Skrâns rinnen. Hy hie it kapmes noch hieltiid by him. De man is oanhâlden foar ferbean wapenbesit. It kapmes is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)