Twa ûntwerpen útkeazen foar nije Prins Hendrikbrêge

05 okt 2016 - 13:16
  • Brêgefoarstel 1
  • Brêgefoarstel 2

Der binne twa ûntwerpen útkeazen foar in nije en beweechbere brêge yn de Prins Hendrikstrjitte yn Ljouwert. De plannen om de fêste brêge te ferfangen binne der al lang, mar sneuvelen yn it Fryske Marreprojekt. En no is it in knyppunt yn de farrûtes. Mei in boargerinisjatyf is de Prins Hendrikbrêge dochs wer ûnder de oandacht kommen. In mearderheid fan de Ljouwerter gemeenteried hat it kolleezje yn maaie frege om ûntwerpen meitsje te litten.

Mei in beweechbere brêge wurdt Ljouwert berikberder. En foar rekreaasjefarders wurdt it feiliger troch se in alternative rûte troch Ljouwert te bieden. Hielendal om't de provinsje aanst gruttere beropsskippen oer it Van Harinxmakanaal farre litte wol. De ûntwerpen foar de beweechbere Prins Hendrikbrêge wurde ein dizze moanne yn de Ljouwerter gemeenteried besprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)