Falske briefkes fan 50 euro yn Ljouwert

05 okt 2016 - 12:45

De plysje warskôget foar falsk jild yn Ljouwert. Ferskate hoarekagelegenheden yn de stêd hawwe ôfrûne wike falske biljetten fan 50 euro oanbean krigen. Net altyd waard dit op 'e tiid ûntdutsen om't net alle saken ek jild skanne op echtheid. De plysje ropt ûndernimmers en partikulieren op om alert te wêzen op falsk jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)