Undersyk nei kankerferwekkende stoffen yn keunstgersfjilden

05 okt 2016 - 11:20
  • Keunstgers

Sport Fryslân fynt dat der gau dúdlikheid komme moat oer mooglike sûnensrisiko's fan de rubberen kerrels dy't brûkt wurde yn de keunstgêrsfjilden. Direkteur Anne-Jochum de Vries wol dat der in lanlik, grutskalich ûndersyk komt. Sport Fryslân hat alle dagen sa'n 55 minsken op de fjilden omrinnen. Hy wol dêrom dat der sa gau as mooglik dúdlikheid komt. Oan de oare kant wol De Vries foarkomme dat der panyk ûntstiet. Wittenskippers sizze jûn yn it tv-programma Zembla dat nea goed ûndersocht is oft der kankerferwekkende stoffen yn de kerrels sitte.

Noed

"Dit binne fansels berjochten dêr't ik noed oer haw", fertelt direkteur Anne Jochum de Vries. "It is ek net sadat we noch hielendal neat witte oer de effekten fan keunstgersfjild op de sûnens. Der is wol earder ûndersyk nei dien, mar der moat folle mear ûndersyk nei dien wurde."

Dúdlikheid

Sport Fryslân sil woansdei om tafel mei de 55 minsken dy't by harren yn tsjinst binne. "Se binne op dit stuit noch net bot ûngerêst, mar troch de lûden oer sûnensrisiko's wolle se fansels wol graach dúdlikheid."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)