Grien ljocht foar krematoarium by Aldehaske

05 okt 2016 - 11:10

De Ried fan Steat hat woansdeitemoarn grien ljocht jûn foar it krematoarium by Aldehaske. De plannen fan útfeartbedriuw Van de Zwaag om op it bedriuweterrein Haskerpoart in nij krematoarium te bouwen, soargen foar in soad wjerstân by de omwenners. Sy fine de lokaasje net geskikt, it oanbod soe neist it besteande krematoarium yn Aldskoat te grut wurde en se binne bang foar oerlêst.

Neffens de Ried fan Steat falt it mei de oerlêst wol ta en sil der de kommende jierren mear fraach komme nei kremaasjes. Nettsjinsteande dat de gemeente De Fryske Marren in flater makke yn de proseduere, giet de ried fan steat dochs akkoart mei de oanfraach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)