Skriuwer Dolf Verroen: ''Soms moet het uit je tenen komen''

05 okt 2016 - 10:42
  • De cover fan it boek Oorlog en Vriendschap

It is in bysûndere wike foar de 87-jierrige skriuwer Dolf Verroen. Woansdei is nammentlik de earste dei fan de berneboekewike. Tradisjoneel wurdt der dan in berneboekewikegeskink skreaun, en dit jier is de ear oan him. Verroen, dy't berne is yn Delft mar wennet yn Sint-Nyk, skreau it boek 'Oorlog en Vriendschap'. It giet oer it libben fan de jonges Kees en Joop yn tiden fan oarloch.

''Nooit gedacht''

''Het is voor iedereen natuurlijk een eer, maar voor mij dubbel omdat ik zo oud ben,'' sa seit de 87-jierrige skriuwer. ''Ik had nooit gedacht dat ik op mijn leeftijd nog zo'n opdracht zou krijgen. Als je 87 bent, sta je toch redelijk ver van kinderen af.''

''Soms moet het uit je tenen komen''

Verroen waard yn novimber ferline jier frege it berneboekewikegeskink te skriuwen. ''Half december had ik anderhalve pagina af. Daarna ging het als vanzelf. Ik heb ook wel eens een boek in een week geschreven en daar is achteraf geen komma aan veranderd. Soms moet het uit je tenen komen. Dat kun je nooit van tevoren zeggen.''

Dochs giet it skriuwen foar bern Verroen goed ôf. ''Als ik voor kinderen moet schrijven, dan gaat dat heel natuurlijk. Als ik voor volwassenen moet schrijven, dan gaat het iets lastiger. Dan moet ik dat altijd bedenken.''

Noch net mei pensjoen

Hoewol't Verroen al 87 jier âld is, tinkt hy der noch net oan om op te hâlden. ''Ik heb er niet veel moeite mee. Ik stop er energie in, maar ik krijg er ook veel energie voor terug.'' Sneon is Dolf Verroen yn de boekwinkels fan Ljouwert en Drachten om út syn wurk foar te lêzen en te fertellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)