Kollum: ''Ien(s)''

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
''Gerard Kremer fan Toerisme Werelderfgoed Waddenzee spruts yn Marrum. Ik wit net wat Toerisme Werelderfgoed Waddenzee no wer foar organisaasje is, tusken al dy 648 oare groepen dy’t har mei it Waad dwaande hâlde. Mar ik kin út de namme opmeitsje dat se der binne om it toerisme yn it Waddengebiet sadanich te stypjen dat it wrâlderfgoed aanst gjin wrâlderfgoed mear is. Mar dat docht der net ta. Gerard Kremer hie de keutel foar it oare wol by it skjinne ein. Doe’t hy sei dat elkenien syn eigen paadsje siket yn it ûntwikkeljen fan toerisme. Dat der miskien wol ien en oar keppele wurde moat. Hy sei it wer hiel foarsichtich, want hy krijt syn sinten fan alle kanten fansels. Hy bedoelt dat der net tsjin te wurkjen is dat elkenien, alle eilantsjes, alle gemeenten oan de seedyk, alle provinsjes om it Waad hinne, oant yn Dútslân en Denemarken ta, dat elkenien syn eigen wize fan toerisme lûken foldwaande fynt. En ek better as de wize fan de oaren.
Dêr net allinne. Sa is it yn alles. Minister Kamp gie fan 'e wike nei de eilannen. Hy kaam oeral in lyts protestboerd tsjin. Dat wie it dan ek. We hienen massaal as Fryslân klear stean moatten om te sizzen  dat proefboarrings ûnsin binne as der aanst dochs in nije Mynwet komt, dy’t seit dat je der gjin gas wei helje kinne. Opsoademiterje Kamp. En as je wol trochsette dan donderje we jo yn de monodongfergister of sa. Mar dat dogge we net. It kin Amelân gjin soademiter skille as op Skier in gasboarring komt. It kin Skier gjin hout skille dat der op Skylge wynmûnen komme moatte. As it mar net by ús is. Dat tinken. Sterker, it kin ús op de fêste wâl hielendal neat skille. De grûn fersakket yn it Waad fanwegen it sâlt wat se der wei helje. No en? Dêr hawwe we yn Appelskea gjin lêst fan.
As je yn Appelskea wenje, bliuw je drûch, ek al soe der gjin seedyk mear wêze. Dochs hat it Wetterskip yndertiid sein, dat dy man yn Appelskea likefolle betelje moat as syn neef yn Peasens Moddergat. Earlik. Ien.
Ho, ho net ien op de wize fan de FNP. Sa fan ien folk. Lit dy lju dan earst mar ris yn eigen partij sjen, hoefolle mieningen as se dêr ha oer it itselde. Hjir en dêr sitte FNP-ers yn de kolleezjes. No der nimme se beslissingen wêr’t oare FNP-ers de kont wer mei ôffeie. En dan kin je sels wol ferskûlje efter kompromissen, want dat dogge oare partijen ek, mar de FNP wie no krekt oprjochte om der wat oars fan te meitsjen.
Dyselde FNP hie it altyd oer ús gas. Wy soene fan it gas dat se hjir yn Fryslân opheine ús jild ha moatte. En no’t we ynienen sizze, sjende nei Grins, dat we dat mar net mear út de grûn helje moatte, no stean se te roppen fan: net boarre yn ús grûn. En dêrby sjoch je dat ferkearde ús dan ek wer opdûken. Dy lju yn Top en Twel sitte net yn oer in boarring yn Nij Beets. En dêr witte se net iens dat it Lindegebiet yn Weststellingwerf ek yn boargefaar is. Elk sit yn oer syn eigen. En as se dat keare kinne, dan gean se wer op bêd.
Sa is it mei alles. Harns sit mei it REC yn de mage. Mar yn oare gemeenten wurdt neat dien. Neat. Wylst de measten dêrfan ek noch eigener binne. Caparis is yn tsjok ûnwaar, mar sels dy acht gemeenten stean net njonken elkoar. Elkenien lost it op syn eigen dus breklike  wize op. Holwert makket in prachtich plan tsjin krimp, foar rekreaasje en natuer. Witte se dat wol yn Súdwest-Fryslân, of is dat yn de takomst in konkurrint. Soks ek nochris. Ik kin oeren trochgean.  Allegearre krêftleas yndividueel gedoch wat yn ien hânbreed út elkoar te spyljen is. Kamp wurdt pas wekker as dy man yn Appelskea seit dat hy gjin gasboarrings op Skier ha wol, en dêr tegearre mei syn neef út Peasens tsjin protestearret.
Wy witte net mear wat it wurd mienskip betsjut. En dat is oer oardel jier nota bene ús biedwurd.''