UPDATE: 77-jierrige Boalserter omkaam by ûngelok Ofslútdyk

05 okt 2016 - 07:35

Op de paralleldyk lâns de A7 tusken Koarnwertersân en de Ofslútdyk hat woansdeitemoarn in deadlike oanriding west. By de frontale botsing tusken in auto en trekker is de 77-jierrige automobilist út Boalsert om it libben kaam. De 26-jierrige trekkerbestjoerder út de gemeente Súdwest-Fryslân kaam mei de skrik frij en belle sels de helptsjinsten.

De auto bedarre troch de klap ûnderoan it talúd fan de dyk. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net bekend. De plysje siket tsjûgen dy't de auto en de trekker riden sjoen ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)