Twa auto's botse yn Ljouwert, bestjoerder rekket ferwûne

05 okt 2016 - 06:24

By in ûngelok op de krusing fan de Oostergowei en de Aldlânsdyk yn Ljouwert is tiisdeitejûn de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De helptsjinsten binne manmachtich útriden om't tocht waard dat de twa belutsen auto's yn de brân flein wiene, mar dat wie net sa.

De dyk waard ôfsletten foar ferkear sadat de helptsjinsten harren wurk dwaan koene. Ien slachtoffer is nei it MCL brocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de botsing, nei alle gedachten is ien fan de bestjoerders troch read ljocht riden.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)