Europarlemintariër Gerbrandy bliid mei klimaatferdrach

04 okt 2016 - 23:14
  • Europeesk Parlemint
  • Sekretaris-generaal fan de VN Ban Ki-moon

It Europeesk Parlemint hat tiisdeitemiddei mei grutte mearderheid foar it klimaatferdrach fan Parys stimd. Troch de Europeeske stipe hawwe no genôch lannen foar stimd om dat ferdrach ek yngean te litten. Sekretaris-generaal Ban Ki-moon fan de Feriene Naasjes wie der by. Hy sei, tankewol Europa, mar hy sei ek: ik rekkenje op jimme, want allinnich mei in hanteken kinne je it miljeu net rêde.

De Fryske Europarlemintariër en miljeuspesjalist Gerben-Jan Gerbrandy fan D66 fûn it moai dat Ban Ki-moon derby wie. "Ban Ki-moon is fansels net samar in gast. Hy is in wrâldlieder. It is in man dy't saken foarinoar krijt - lykas no it klimaatferdrach fan Parys - mar der binne ek saken dy't hy hielendal net foarinoar krijt, lykas in oplossing foar it slimme konflikt yn Syrië."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)