Plysje speurt mei helikopter nei trije ynbrekkers yn Stiens

© Omrop Fryslân
De plysje siket nei trije minsken dy't tiisdeitejûn ynbrutsen hawwe yn in wenning yn Stiens. Meardere ienheden fan de plysje, wêrûnder in helikopter, dogge mei oan de sykaksje nei de fertochten. Earder op de jûn waard ek al in Burgernetmelding ferstjoerd troch de plysje.
It giet om twa manlju en in frou mei in 'getint' uterlik en donker hier. De plysje freget tsjûgen of minsken dy't it trijetal sjoen hawwe harren te melden.