Mêstemakker Blaauw: "Soad fouten yn ôfbrutsen mêst Amicitia"

04 okt 2016 - 22:46
  • Mêstemakker Piet Blaauw fan Starum
  • De reparaasje yn de ôfbrutsen mêst fan de Amicitia

"Der wiene goed wat fouten yn dizze mêst." Dat sei mêstemakker Piet Blaauw fan Starum tiisdeitejûn yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed oer de ôfbrutsen mêst fan it skip Amicitia. By it ûngelok kamen trije Dútse toeristen om it libben. Neffens in Dútsk ûndersyk wie it hout op it breukflak fan de mêst foar trijekwart ferrotte. Op it breukflak siet in metalen plaat.

Neffens de mêstebouwer is it net ûngebrûklik dat der in metalen plaat oanbrocht wurdt op de mêst fan in skip. "De plaat beskermet de mêst foar skea troch de gaffel."

Blaauw hie earder al it idee dat de mêst net goed makke wie en wurdt no troch de foto's sterke yn dat fermoeden. "Achter de plaat hat in min stik sitten en dat hawwe se reparearre mei in balkje. Der hoecht mar in pipergatsje yn te kommen en as it wetter net fuort kin, ja, dan bist oan de beurt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)