Boek 'De Spion' fan Paulo Coelho ferskynt yn it Frysk

04 okt 2016 - 22:25

De nije roman fan de Braziliaanse skriuwer Paulo Coelho ferskynt ek yn it Frysk. It boek 'De Spion' is basearre op it libben fan Mata Hari, dy't yn de Earste Wrâldoarloch op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers eksekutearre waard yn Parys. It boek, dat útjûn wurdt troch de Afûk, wurdt kommende freed presintearre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Coelho, bekend fan ûnder oare it boek 'De Alchemist', is fereare mei de Fryske oersetting.

"It docht my in soad plezier dat just dit boek fan my, dat hannelet oer it tragyske libben fan dizze bysûndere frou, yn it Frysk ferskynt", seit de skriuwer. It is it earste boek fan Coelho dat oerset wurdt nei it Frysk. Jantsje Post en Jetske Bilker makken de Fryske oersetting.

It earste eksimplaar wurdt freed oanbean oan Sjoerd Feitsma, de Ljouwerter wethâlder fan kultuer, en sjongeres Tet Rozendal, dy't yn de teaters stien hat mei in foarstelling oer Mata Hari.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)