Learares Marleen de Groot wint UnderwiisTopTalint2016 net

04 okt 2016 - 22:10

Marleen de Groot fan Ljouwert hat de ferkiezing UnderwiisTopTalint2016 net wûn. Dat die tiisdeitejûn bliken by de útrikking fan de priis yn Rotterdam. Michelle Schoenmaker fan de Hogeschool Inholland Den Haag en Koen Ottenhof fan de Universiteit fan Amsterdam meie har in jier lang ûnderwiis toptalint fan it jier neame.

De priis giet alle jierren nei in learkrêft dy't yn syn of har stúdzje oan de learare-oplieding in opmerklike prestaasje levere hat.

De Groot is ferline jier ôfstudearre oan de ferkoarte Pabo-oplieding fan Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Se waard troch har skoalle nominearre om't har begelieder har skripsje oer 21e-iuwske feardichheden tige sterk fûn.

De ûnderwiis-top-talint-priis wurdt útrikt yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis. Yn beide kategoryen binne achttjin begjinnende learkrêften nei foaren skood.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)