Belaksje Wispolia út Terwispel smyt 50 nije frijwilligers op

04 okt 2016 - 21:43
  • Telefoan

De belaksje fan sportferiening vv Wispolia út Terwispel hat fertuten dien. De aksje hat 50 nije frijwilligers opsmiten. De klup wie op syk nei mear frijwilligers om it wurk binnen de feriening drage te kinnen. Tusken 1 en 10 oktober wurde sa folle mooglik leden persoanlik benadere mei de fraach oft se wat foar de feriening betsjutte kinne.

Tiisdeitejûn wie der in belaksje. Fan seis oant acht oere jûns waarden leden belle mei de fraach oft se harren ek ynsette wolle. Neffens Berber van der Schaaf fan vv Wispolia wie de belronde in grut súkses.

Op 17 oktober sil de sportklup mei de nije frijwilligers om tafel om te sjen wêr't sy harren kwaliteiten kwyt kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)