Amtners Ljouwert ferhúzje fan stedskantoar nei UWV-gebou

04 okt 2016 - 20:36
  • Stedskantoar

Sa'n 400 meiwurkers fan it stedskantoar yn Ljouwert ferhúzje tongersdei en freed nei it UWV-gebou oan de Tesselschadestrjitte. Dêr sille se de kommende fjirtjin moannen wurkje om't it stedskantoar op it Aldehoustertsjerkhôf ferboud wurdt.

It gebou is ta oan ûnderhâld. Ek binne der ekstra wurkplakken nedich yn ferbân mei de oansteande fúzje mei de gemeenten Littenseradiel en Ljouwerteradiel. De publike tsjinstferliening giet wilens de ferhuzing wol gewoan troch.

Der is foar keazen it stedskantoar net grutter te meitsjen. "De ferbouwing leveret in soad fleksibele wurkplakken op, wêrmei't we yn it besteande gebou foar mear minsken in wurkplak meitsje kinne", seit wethâlder Harry van der Molen. Ein takom jier moat de ferbouwing klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)