Snekertrekwei yn Ljouwert wer iepen foar ferkear

04 okt 2016 - 20:05

Undernimmers oan de Snekertrekwei binne bliid dat de dyk foar harren winkels wer iepen is foar it ferkear. Se hawwe 12 wike lang lêst hân fan de wurksumheden. De klandyzje rûn werom en de omset gong omleech. Supermerk Jumbo bygelyks seit dat der folle minder ferkocht is en skat it omsetferlies op 30 persint. Se sille in skeaclaim by de gemeente dellizze.

It opknappen fan de Snekertrekwei past yn de grutte oanpak fan Vrij Baan yn Ljouwert. Der komt in heal klaverblêd by de westlike ynfalsdyk sadat it sintrum fan de stêd better berikber wurdt.

Ek wurdt der op dit stuit drok wurke yn it stasjonsgebiet. Neffens wethâlder Thea Koster is it efkes trochbite, mar Ljouwert giet der neffens har goed op foarút. Foar 2018 moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)