Fryslân is twadde Fairtrade-provinsje fan Nederlân

Fryslân mei himsels sûnt tiisdei Fairtrade-provinsje neame. In sjuery fan de Stichting Fairtrade Gemeente Nederland oardiele dat Fryslân oan alle fiif kritearia foldocht. Nei Utrecht is Fryslân de twadde provinsje dy't dizze titel krijt. Deputearre Michiel Schrier is optein oer it predikaat. De titel is neffens him in erkenning foar alle ynspanningen om ús provinsje duorsumer te meitsjen.
De fiif kritearia om in Fairtrade-provinsje te wurden:
Yn Fryslân binnen alve gemeenten dy't al Fairtrade binne: Dantumadiel, Dongeradiel, Hearrenfean, It Bilt, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skiermûntseach, Súdwest-Fryslân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf. De gemeenten It Amelân, Ferwerderadiel, Harns, De Fryske Marren, Kollumerlân, Ljouwert en Menameradiel stribje dernei om Fairtrade te wurden.
Schrier priizget alle frijwilligers dy't harren ynsette foar Fairtrade. "Sy hawwe derfoar soarge dat wy Fairtrade binne. We binne wer in stapke tichteby in duorsume mienskip. Mar wy binne der noch net, der is noch in protte wurk te fersetten!"