Heger berop tsjin yllegale opfang sike seehûnen ynlutsen

04 okt 2016 - 17:48
  • Jonge seehûn sûnder mem

It Iepenbier Ministearje lûkt it heger berop yn tsjin twa mannen dy't seehûnen yllegaal opfongen. In 51-jierrige man út De Trieme en in 59-jierrige man út Spijk hiene yn de simmer fan 2014 twa sike seehûnen yllegaal opheind. Se wiene neffens de wet ferplichte de seehûnen nei de opfang yn Pieterburen te bringen, mar fûnen de seehûnekresj net geskikt.

De fertochten giene by de rjochtsaak fan foarich jier al frijút om't de rjochter fûn dat der sprake wie fan oermacht. De iepenbiere oanklager woe hjir tsjin yn berop gean.

Mei it ynlûken fan it heger berop leit it Iepenbier Ministearje him del by it feit dat opfang bûten de seehûnekresj yn Pieterburen tastien is, nettsjinsteande in wetlik ferbod dêrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)