Revalidatie Friesland is bêste wurkjouwer fan Fryslân

04 okt 2016 - 17:22

Revalidatie Friesland is útroppen ta bêste wurkjouwer fan de provinsje Fryslân. Dat is tiisdeitemiddei bekend makke by it Beste Werkgevers Event yn Amsterdam. Revalidatie Friesland helpt minsken dy't medysk spesjalistyske refalidaasje nedich hawwe. It bedriuw behelle in skoare fan 7,7.

Op it twadde plak einige sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten mei in 7,4. Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean krige in 7,3 en waard dêrmei tredde.

IKEA, ZLM Verzekeringen, Stichting Sint Jozefoord en Frankelandgroep binne útroppen ta bêste wurkjouwers fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)