Westergeast libjend dekôr foar nij Tryater-stik

04 okt 2016 - 17:08

Westergeast is dizze wike it libjende dekôr fan it nije stik fan Tryater: De Wierheid fan Wylgeragea. Op tiisdei 4 oktober is de earste try-out yn doarpshûs De Tredder. It publyk sit flak om de spilers hinne en der binne ek 'keukentafelgesprekken' oer it tema: Wat dogge de minsken fan in lyts doarp as der flakby wat slims bart?

Earst tinke se dat de driging fan bûtenôf komt. Mar letter komme se derefter dat it kwea út de mienskip sels komt. Tryater giet oer dit ûnderwerp yn petear mei de doarpsbewenners.

Ek wurde der bygelyks workshops mei skoalbern hâlden. De premjêre fan 'De Wierheid fan Wylgeragea' is freed yn Westergeast. Dêrnei giet Tryater mei it stik de provinsje troch, oant en mei 18 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)